Archief verslagen - Vrouwenkoor Noaten op e Sang Surhuisterveen

Ga naar de inhoud

Hoofdmenu:

Archief verslagen

Optredens


Opening vernieuwde Torenplein op 24 september 2011
Het Torenplein in Surhuisterveen heeft een grondige opknapbeurt gehad deze zomer.
De hoogste tijd om het mooie plein feestelijk te openen. Nadat de burgemeester abseilend is aangekomen en er een paar toespraken zijn gehouden wordt het plein heropend met het oplaten van kleurige ballonnen. Het is prachtig weer en alle activiteiten kunnen buiten gehouden worden. Noaten op’e Sang zorgt uiteraard ook voor een vrolijke noot, samen met de Beurtskippers en Blaast de Bazuin. Er kan gegeten en gedronken worden en bijgepraat.
Jammer dat de beloofde versterking niet aanwezig was, maar Noaten op’e Sang heeft weer haar uiterste best gedaan om er een mooi geheel van te maken!

Woonzorgcentrum Warrenhove op 21 september 2011
Op woensdagavond, ook onze repetitieavond een optreden in de Warrenhove in Drachten.
De zaal zit mooi vol als wij als koor en muzikanten binnenkomen. We worden van harte welkom geheten en na een paar liedjes zit de stemming er goed in. Er wordt actief geluisterd en er kan zo nu dan meegezongen worden uit ons ”rode boek’. Na een pauze volgt ons tweede optreden. ‘Carolientje’ zorgt voor een ontspannen sfeer en de Flamingo-danseressen dwarrelen door de hele zaal! Er wordt volop genoten en de opmerkingen vanuit de zaal zijn weer een stimulans voor het koor om nog beter en betrokken te zingen. Een geslaagde avond, voor zowel de luisteraars als voor de koorleden zelf!

yn Wynjewâld op 3 septimber 2011
Op in dei yn septimber
minsken fan fier en tichtby
komme hjir om te genietsjen
fan de Willedei.

Dit liet songen we as koar mei de organisaasje fan de Willedei op it poadium yn Wynjewâld.
It wie prachtich moai waar. Trije kear ha we in optreden fersoarge. Tusken de bedriuwen troch koene we by de kreamkes del en ek genietsje fan oare optredens.
It soe moai wêze as alle Wynjewâldtsjers it liet meisjonge koene op de folgjende Willedei!

Willedei, Willedei.
O wat ha ik toch in wille mei dy!
Der is mar ien ding dêr’t ik sa fan hâld:
dat is Willedei yn Wynjewâld!!

Krystkonsert yn de Doarpstsjerke fan Surhústerfean 2010
It twadde krystkonsert dat Noaten op'e Sang dit jier joech wie op 18 desimber 2010 yn de Doarpstsjerke yn Surhústerfean. Om healwei fiven siet it tsjerkje al moai fol. It konsert hie it tema"Mear noch as de beam". Dit nei oanlieding fan it liet dat Giny Bastiaans foar it koar skreaun hat en wat Sietske Smid foar it koar en it combo op noaten set hat. Kryst is mear dan in beam optúgje, de tafel moai dekke, post ferstjoere.  Yn de lieten dy't dêrnei song waarden
en de gedichten dy't foarlêzen wurden kaam nei foaren dat de kryst foaral in 'feest' wêze moat foar minsken dy't yn omstannichheden leve dêr't de waarmte ûntbrekt.
It publyk koe yn it lêste blokje meisjonge mei in trijetal lieten. De ôfsluting wie mei "Fum, fum, fum" en  " Feliz Navidad":  in moai ein fan dit dochs wol bysûndere krystkonsert, want………….. it wie diriginte Sietske Smid har lêste konsert mei it frouljuskoar Noaten op'e Sang!

Krystkonsert yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost 2010
Op sneintemiddei 12 desimber 2010 waard yn de Mariatsjerke yn Bûtenpost it krystkonsert fan it frouwekoar Noaten op'e Sang holden. De kulturiele kommisje Maskelyn organisearre dit konsert. Foarich't jier soe dit al holden wurden, mar doe lei der in pak snie en waarden alle konserten yn Fryslân ôflast. Gelokkich wie it waar no goed. It waard in bysûnder konsert mei it moaie sjongen fan it koar, de goede begelieding fan de muzikanten en fansels net te ferjitten dit alles ûnder lieding fan de ynspirearjende diriginte Sietske Smid.
Bysûnder wie ek it pianospel fan Stientje Nicolai,dy't it nûmer "The rivers flow in you" mei gefoel spiele. De oare gastmuzikanten Tjitske van Akker en Wander van Duin joegen ek harren muzikale ondersteuning. Roosje Hamstra lies in moai gedicht fan Eppie Dam foar en sa waard dit krystkonsert yn in folle tsjerke in sfearfol barren.

Feestelijk concert in Marum 2010
Ja, buiten de provinciegrenzen was het koor op zondagmiddag  28  november.
Willy en Sietze Dalstra had het koor uitgenodigd om hun 40jarig huwelijk muzikaal luister bij te zetten. Dat hoeft het vrouwenkoor Noaten op'e Sang geen twee keer gezegd te worden: voor een feestje zijn ze altijd in! En vooral op dit feest wilden ze wel  hun vrolijkheid en muzikaliteit laten zien. Immers altijd is het koor welkom in het gebouw van Dalstra Reizen in Surhuisterveen als er een keer  op een woensdagavond niet gerepeteerd kan worden in Kolkzicht.  In de Kruisweg in Marum werd het koor onthaald op een hapje en een drankje, zodat het zingen nog beter ging. Het bruidspaar genoot zichtbaar van het optreden en het koor wenste hen nog vele goede en gezonde jaren toe!

Rondje Kunst Achtkarspelen 2010
Op 9 en 10 oktober werd voor de 11de keer Rondje Kunst Achtkarspelen georganiseerd.  We werden door de organisatie gevraagd of we er ook voor voelden langs de route een muzikale bijdrage te leveren.  Het leek ons een hele mooie uitdaging en we namen de uitnodiging aan voor zaterdag 9 oktober. We konden uit een aantal locaties kiezen, en omdat je nooit van te voren weet hoe het weer is en de muziekinstrumenten van onze muzikanten niet nat mogen regenen, ging onze voorkeur uit naar een binnenlocatie. Achteraf bleek het een stralende dag te zijn, maar dat maakte het extra feestelijk. De keus viel op het doopsgezinde kerkje in Surhuisterveen.  Een schitterend kerkje,  met een fantastische akoestiek, waar het zingen een feest was. We hadden natuurlijk onze eigen fans meegenomen, maar er kwamen tijdens het optreden natuurlijk ook bezoekers die de expositie wilden bekijken en zij werden geheel overrompeld door ons optreden. Het was ook heel bijzonder, dat een van de exposanten ons eigen koorlid Griet Atsma was. Griet had een hele mooie serie aquarellen  tentoongesteld.  
 
De eerste prijs in Drogeham 2010
Alhoewel het vrouwenkoor "Noaten op'e Sang" geen echt shantykoor is deed ze toch mee aan het Shantyfestival in Drogeham op 22 mei 2010. Een aantal jaren terug was het koor ook aanwezig op dit festival en dat was toen prima bevallen. Met veel plezier brachten de 'froulju' van het koor, de dirigent Sietske Smid en het volledige 'orkest' nu ook de liederen naar voren op de grote podia. Soliste Roza ging met haar fles sherry het publiek in, het koor verkeerde in de jungle en er werden allerlei groene, oranje, rode pruiken opgezet; kortom, veel variatie. Om zes uur was de prijsuitreiking in de grote tent en…….. 'Noaten op'e Sang' won de eerste prijs met een prachtige cijferlijst: 8-en en 7½-en op o.a. dynamiek, zuiverheid, presentatie,samenspel.
Wat een prachtige verrassing en wat een prestatie! De beker werd rondgedragen en er werd noch een borrel op gedronken. Uiteraard waren er weer een stel vrouwen die Drogeham nog onveilig hebben gemaakt, maar het is ze vergeven!
J.W.

Foarronde Liet 2010 yn Kollum 2010
Ien  fan de koarleden hat de ôfrûne wintertiid in kursus Lietskriuwe dien by Tresoar. Se hie twa lieten hielendal klear en de diriginte sette de tekst op muzyk. It bestjoer kaam doe mei it idee om mei te dwaan oan de foarronde fan Liet 2010. Elkenien fan it koar wie entûsjast:  in hiele nije útdaging! Mar ja, hokker lietsje sille we sjonge: "Pyro-Jantsje" of "Kleur bekenne?"
It waard de lêste! Alle woansdeitejûnen waard der drok oefene op dit liet: de presentaasje krige ek oandacht troch ferskillende kleuren prûken op te setten en wakker yn spegeltsjes te sjen. We waarden der allegear suver griis fan op 't lêst!
Op 16 april moasten wy ús liet sjonge en presentearje  tidens de Foarronde yn de Colle yn Kollum. It gie tige goed, mar we hellen krekt de finale net! Spitich, marie in leuke en learsume erfaring! Wa wit, komme we noch ris op it poadium yn de Harmonie yn Ljouwert….
J.W.

7 april 2010 !

De froulju fan it koar Noaten op'e Sang binne altyd yn foar in feestje!
6o jier wurde is in feestje wurdich en dêrom kaam it koar my op'e jûn fan
7 april even ta te sjongen. "Lang zal ze leven" en it nijste liet "Kleur bekenne?"
waarden my fan herte tasong!  Froulju, bedankt foar dit sjongen, de bydrage foar "Stop kindermisbruik in India" en de gesellichheid dêrnei!
Jantine Wiersma-Doornbos

Efkes fan it hiem ôf………2010

Op 16 jannewaris 2010 wie it koar Noaten op'e Sang 'efkes fan it hiem' ôf yn Haersmahiem yn Bûtenpost. Middeis om trije oere siet de seal al moai fol mei bewenners en belangstellenden. It koar song earst in oantal Fryske lieten  en guon dêrfan koene meisong wurde fanút de boeken dy't op de tafels leine. Foaral it meisjongen waard wurdearre en ferhege de sfear! Nei it skoft waarden der noch in oantal lieten song, mar no ek Nederlânske, Frânske en Ingelske, want it frouljuskoar is fan alle markten thús! Der wiene sels Spaanske flamingodûnseressen yn Haersmahiem! Al mei al in moaie middei, sawol foar it publyk as foar it koar, de diriginte en de muzikanten!


Kerstconcert in Surhuisterveen 2009

In een winters decor wordt op zaterdagmiddag 19 december in de Doarpstsjerke in Surhuisterveen het jaarlijkse kerstconcert gegeven. Buiten is het winters koud, maar binnen worden de mensen verwarmd door het zingen van de traditionele kerstliederen. Noaten op'e Sang heeft ook dit jaar de  Engelse kerstliederen op haar repertoire staan, naast Nederlandstalige en Duitse. Het Friese "Kryst 2009" geeft weer dat het jaar 2009 zowel goede als verdrietige gebeurtenissen heeft laten zien. Er waren geboortes van kleinkinderen, verjaardagen, maar ook het overlijden van Fokje Witteveen en berichten van ernstige ziektes.
Een couplet uit dat lied laat de gevoelens hierover zien:

"Faak steane wy machtleas en sûnder in wurd
fan hoop en fan leafde, 't fertriet is te grut.
Dochs moatte wy byinoar stean om elkoar
te stypjen en treasten, goed dwaan oan de oar."

Na een mooi en sfeervol  concert is er nog een broodmaaltijd voor de koorleden en muzikanten. Aan het einde daarvan zeggen we tegen elkaar "tot morgen" want het tweede Kerstconcert zal worden gegeven in Buitenpost op zondag 20 december. Maar helaas: door de winterse omstandigheden kan dit concert niet doorgaan! Op die zondag worden veel activiteiten afgelast. Wel zal dit concert nog plaatsvinden in het voorjaar in een andere sfeer.
De datum daarvoor zal nog bekend worden gemaakt.
Het koor Noaten op'e Sang wenst een ieder een gezond en goed 2010 !

Noaten op'e Sang op it 32ste Tsjochfestival 2009
Yn de Lawei yn Drachten waard it 32ste Tsjochfestival hâlden op 26 sept.2009 en it frouwekoar Noaten op'e Sang wie wer fan de partij. Om tsien foar achten begûn har optreden yn de grutte Foyer, dy't mei grutte sketten goed ôfskerme wie fan it keakeljende publyk. It lústerjend publyk koe op stuollen sa better har gerak krije.It programma joech genôch fariaasje: fan "Que sera, sera" in liet fan Doris Day út 1956 oant "This is the life" fan Amy MacDonald út 2008 ! De muzikanten wiene goed op dreef en ek ynfalster op de fioele Aline van der Veen spile har partij prima mei! De froulju fan it koar songen as klysters en wiene tige konsentrearre. In komplimint fan in besiker wie dan letter ek: "It seach der strak en profesjoaniel út." De diriginte wie sels ek aardich(ik leau sels:goed) tefreden en dat seit genôch! Spitich wie dat we "Viva la vida" fan Coldplay net mear sjonge koene, mar dy hâlde we yn it fet foar in folgjend optreden. Nei dit optreden koe elts har of syn eigen paad wer gean . Der wie genôch muzyk te hearren yn de ferskate sealen. Fan tolve oant ien noch even flink switte op de dûnsflier mei 'Sounds Familiar' en de lêste 'noatenopesangers' moasten fansels it ljocht wer út dwaan……….

29 Augustus wiene wy útnoege om in bydrage te jaan oan it 100 jierrich jubileum fan de SPAVO yn  Surhústerfean.

De lokatie wer't it optreden barde,  wie flak neist "Kolkzicht"ús thúsbasis.  Net ferkeard, want it personiel dêr is alhiel op'e hichte fan ús  toarst en dat is tige makklik as je in optreden ha yn de bûtenloft. Tusken de bedriuwen troch ha wy ús der dan ek noflik deljoun.

.It wie skitterend waar en der wiene in soad minsken op dit barren ôfkaam. Der wiene optredens fan meerdere koaren en korpsen út de omkriten dy't  yn it ferline  alris útnoege wiene om mei te dwaan oan it jierlikse SPAVO Konsert yn de Lantearne.  Tige gesellig  sa mei al dy ferskate musykanten midden yn it doarp. Us optreden foel in elts gefal  goed yn'e smaak. Doe 't  Carolientje  har kar makke út de oanwêzige mannen op strjitte en de Spaanske Signoritas de flamengo dûnsen,  wie it applaus net fan de loft.  

Oan't ein fan'e  middei  wurde it Credo fan Gerrit Breteler noch songen troch alle dielnimmers fan dit barren. It wie jammer dat net alle koaren hjir oan mei diene sa as it bedoeld wie. Mar wy stiene der wol en ûnder begelieding fan al de korpsen wie it sa moai dat Dhr. Copinga graach woe dat it noch in kear songen waard. Al mei al wie dizze middei in prachtig inisjatyf fan de SPAVO en soe folle faker orginasearre  wurde moatte.

Droegeham 16 april 2009
Op dizze tongersdeitejûn wiene wy as koar op besite by de Fryske Kristlike Plattelânsfroulju yn de Fakkel yn Droegeham.
It wie harren slútjûn fan it ôfrûne 'seizoen'. We hiene allegear in moai sitplak foar yn de seal en de foarsitter begûn de jûn mei te sizzen dat we genietsje moasten fan it libben! En dat dat ek in Bibelske opdracht is. Dat wie goed om te hearren want as koar genietsje wy alle woansdeitejûnen fan it sjongen èn de kontakten mei elkoar.
Nei in skriftlêzing, gebed, koarte ynlieding en de notulen wie Noaten op'e Sang oan de beurt.
It klupliet "Noaten op 'e Sang" spesjaal skreaun foar ús  troch  Adri de Boer joech fuort al oan dat wy as koar yn elts gefal alle woansdeitejûnen genietsje fan it libben.

"De wille mei't sjongen docht o sa goed.
 Je kinne wol sizze it sit ús yn 't bloed.
 Alle wiken op woansdeitejûn giet it oan!
 Dan brâne wy los en sjonge op toan…."
Even fierderop:
"Meiinoar diele wy fleur en fertriet
dêrtroch is ús klupke ien machtich liet!"

Nei it earste blokje fan sjongen krigen we wer in kopke kofje of  tee en koene we, krekt as de froulju yn de seal, even byprate. Want ja, oft men no lid is fan in frouweferiening of by in frouwekoar sjongt: byprate, de sosjale kontakten binne och sa wichtich!!
Yn it twadde blok dwarrelden de Spaanske dûnseressen wer oer de flier en wiene we efkes yn Espagne. We fleagen dêrnei mei ús allen nei de jungle! Dêr wiene hiele bysûndere lûden te hearren: fan apen nei sels in, lit we mar sizze, in wylde hoanne!
De muzikanten wiene tige op dreef en ek Willy Dalstra wie in prima ynfaller op de djembé!
Oan de ein fan de jûn waard it koar bedankt foar har optreden en wy as koar bedankten de froulju yn Droegeham foar de noflike jûn!


Fokje Witteveen- de Vries 2009
Op tiisdei 31 maart 2009 wiene wy as koar byinoar yn it krematoarium Wâldhôf yn de Pein om ôfskied te nimmen fan Fokje Witteveen .
Jierrenlang hat se by Noaten op'e Sang song en altyd wie se der op de woansdeitejûn om te repetearjen en om by te praten mei de oare froulju.
Dat Fokje slim siik waard wie foar it koar in slach. Hoe koe sa'n sterke frou no sa siik wurde? As it mar in bytsje koe kaam Fokje te sjongen en mei it krystkonsert yn de Herfoarme tsjerke yn Surhústerfean yn desimber 2008 siet se op de earste rige te genietsjen fan ús sjongen.
Op 26 maart 2009ferstoar Fokje. Boppe de rou-advertinsje stie:

Soms kinne wy hielendal neat sizze,
mar fiele wy des te mear.
Dan is der ek neat út te lizzen,
dan docht it allinne mar sear……

In lêste winsk fan Fokje wie dat it koar it liet "Standing by" sjonge soe op har kremaasje.
Al hoewol 't it ús net maklik talike ha we op dizze wize ôfskie naam fan Fokje. It wie goed om mei elkoar dit liet te sjongen en sa Wytze, har bern  en bernsbern sjen te litten dat wy altyd wiis mei har wiene. En om harren alle sterkte ta te winskjen by it ferwurkjen fan dit grutte ferlies.

Berchhiem yn Burgum 2009
Op 14 maart 2009 giene wy  yn grutte getale nei it Ferpleechtehûs Berchhiem yn Burgum.  Wy mochten hjir tusken 15.00 en 16.00  de bewenners fernúverje mei in optreden.
Wy wiene goed op'e tiid en it wie al in drokte fan belang op de  gongpaden. In bewenner stie sels by de yngong fan de seal  de besykers  yn goede banen te lieden. It  fielde as soe der in hiel belangriik koar komme. De gemienskipsromte roun langsamerhân fol en der koe gjin pyk mear by.

Sietske krige it sein om te begjinnen en wy songen u.o. de lieten Mijn opa,  In een rijtuigje en Wilt u een stekkie. Dit  wie werkenber by de bewenners, want je seachen  dat guon dat sa út de holle meisongen. It  "reade boekje"waard ek údielt.  Dêrmei koe der ek meisjong wurde mei ús. Dit foel tige  yn de smaak.

Nei de kofje wie it in bytsje feest. Us danseressen út Spanje hiene wy ek meinaam en dy dûnsen troch de seal hinne. Ans krige sjans mei in bewenner. Menear liet him de kans net ûntglippe om efkes in dûnske te weagjen. In prachtig gesicht.
Guon leden fan it koar hawwe âlders wenje yn dit fersoargingshûs en "it Seemansliet" en
"de Roas" waarden opfiert mei in spesjaal tintsje  foar dizze âlders.

It wie dizze middei in optreden mei in protte moaie mominten werop we mei in waarm gefoel weromsjen kinne.


24 febrewaris feest yn de Lantearne 2009
Tiisdeitejûn 24 febrewaris wie Noaten op'e Sang te gast op it 60jierrich-jubileumfeest fan de Kristlike Frouwebûn yn Surhústerfean. Dizze "Vrouwen van nu" wiene middeis al begûn mei it feestprogramma. De jûns mocht it koar it feest opfleurje en dat die Noaten op'e Sang mei Fryske, Ingelske en Nederlânske ferskes.
De froulju yn de seal ha genoaten fan dit optreden (der wie ek al animo om lid te wurden fan it koar…..!). Tusken de optredens troch krigen de "artysten" in lekker bakje kofje of thee èn in feestlik stikje taart. Al mei al in noflike jûn!

Optreden in de Lantearne met de Waldsilers 2009
Saterdei 31 Januari wie it dan safier dat wy as froulju fan Noaten op'e  sang ús  talinten hearre litte mochten yn de Lantearne yn Surhústerfean.  Dit wy op útnoeging fan it folkkoar " De Waldsilers". Om sawn oere stiene wy al klear foar de  "soundsjek"  mar moasten wy noch efkes wachtsje op de "Waldsilers " dy earst hun eigen puntsjes
noch op de i sette woene. Dernei wiene wy oan bar en fielden wy oan ús wetter dat der in spetterende joune ynsiet.  

Om 8 oere  setten  ús gasthearen serieus  útein en vermakken  sy  ús en de  oare taharkers   mei verskate  folksongs en ballades oer de see , de leafde  en al sa wat hinne.  It   koarsjongen waard in protte ôfwiksele mei solo's, gitaar- en fluit musyk en  brocht mei sich mei dat it noflik wie om nei te lústerjen. De froulike noat ûntbriek ek net yn hun gehiel . De froulje fan de begelieding koene net alline goed spielje op de trekzak( ( of is it lûksek ;-)) ,  mar songen ek hun partij mei yn it koar. Sa sjoch je mar wer froulje binne fan alle markten thús.

Nei hun optreden brânden wy los mei ús klupliet  fansels. Fol enthouiasme  brochten we ús  repertoire nei foaren. Wy hiene hiel wat op it programma , dus we setten de sokken der yn. It gie as it slydjage. As we no This is the  life fan Amy MacDonald of Standing By fan Vicky Brown of it Fryske  Oardielje net  mei de wurden fan Fedde Schurer songen, de seal wie enthousiast  en it applaus wie net fan'e loft.  Nei it skoft krigen we mei it sjongen fan Viva Espana wer ús trije Spaanse dounseressen op besite. Sy brochten de seal hielendal yn ferfiering. Mar it klapstik wie doch wol doe 't ús Baukje de act op fierde fan Carolientje. Super Bauk !!! Ek de  complimenten oan  Sietske en ús orkest, want mei hun oandiel kinne wy weromsjen op in tige slagge joune.
Groetnis Alie

Krystkonsert Noaten op'e Sang yn Surhústerfean 2008
It twadde krystkonsert yn 2008 fan it frouljuskoar wie yn de Herfoarme Tsjerke yn Surhústerfean op 20 desimber middeis om healwei fiven..
Lykas foarich't jier wie de tsjerke mear dan fol!  Yn it haltsje, op de trep en boppe stiene de minsken! It is fansels prachtich om foar in grut publyk te sjongen. De prachtige Ingelske krystlieten waarden wer mei ynset en entûsjasme song troch de yn it moai swart en read stutsen froulju! De muzikanten diene ek wer harren uterste bêst sadat it gehiel goed delset waard. De dirigent Sietske Smid kin mar grutsk wêze op wat se op dizze middei wer delset hat!  Jelle de Jong begeliede it meiinoar sjongen en spile  
"Joseph est bien Marié"  fan Claude Balbastre. Sa waard it in sfearfol krystkonsert yn de Herfoarme Tsjerke yn Surhústerfean. Mei it sjongen fan "Een heel gelukkig kerstfeest" waard it slagge konsert ôfsluten. It koar én de muzikanten teagen nei Kolkzicht dêr't in goed fersoarge bôle-tafel klearstie . Sa waard dit konsert en it jier 2008 yn in gesellige sfear ôfsluten.


Geslaagd kerstconcert in de Ned.Herv.kerk in Buitenpost op zondag 14 dec.2008
De kerk zit vol, wanneer het koor binnenkomt. Dat is geweldig want er worden het hele weekend kerstconcerten rondom Buitenpost gehouden. Het is prachtig om in deze kerk te zingen, want de akoestiek is fantastisch. De Engelse kerstliederen komen hier tot hun recht!
Het 55tellende koor heeft de ruimte in "het koor van de kerk" en ziet er mooi uit in het zwart en rood en hier en daar een glitter.
De dirigent Sietske Smid houdt de touwtjes goed in handen van het geheel. Het orkest (zo mogen we het gerust noemen) is ook in het zwart en rood gekleed en geeft het koor een goede ondersteuning en begeleiding. Organist Jelle de Jong begeleidt de samenzang en verrast het publiek met het spelen van "Dochter Zion weest verheugd" uit Judas Maccabeüs van G.F.Händel. Bij een kerstconcert horen ook de samenzang en het voorlezen van gedichten.
In de pauze wordt het publiek getrakteerd op glühwein en de koor- en orkestleden genoten na het kertsconcert van deze drank.
Een zeer geslaagd concert in "de Alde Wite" van Buitenpost

Cd-presentatie Noaten op'e Sang 1 november 2008
Een bijzondere gebeurtenis vond plaats op de jubileumavond op 1 november van het vrouwenkoor Noaten op'e Sang uit Surhuisterveen. Het koor viert in dit jaar haar 10-jarig bestaan en vond het de hoogste tijd om haar eerste Cd op te nemen. Deze Cd werd op deze feestelijke avond aangeboden aan Adri van Loon , de allereerste accordeonist van het koor. De titel "Tsien jier wille en fertier" laat al zien wat het koor uitstraalt : plezier, vrolijkheid. Naast deze uitstraling heeft het koor met 55 leden de laatste jaren ook een muzikale ontwikkeling doorgemaakt. De dirigente Sietske Smid heeft Noaten op'e Sang op een hoger muzikaal plan gebracht. Ook het combo is in de loop der jaren steeds meer uitgebreid: drie accordeonisten, twee gitaristen, een fluitist, een violist en een bassist.
De gastpresentatrice Jelmar Hoekstra leidde het publiek met veel humor langs de hoogtepunten, eigenaardigheden, muzikale intermezzo's door de feestelijke avond in de zaal van Kolkzicht. Adri de Boer hoort een beetje bij het vrouwenkoor en ook hij verzorgde weer een prima optreden.
De Cd werd aan het einde van de avond goed verkocht. Dankzij de sponsors Spavo/Friesland bank, v.d.Lijn wereldmode en Dalstra touringcarbedrijf kon de Cd gemaakt worden. Botanische tuin de Kruidhof in Buitenpost en gehandicaptenzorgorganisatie Talant maakten ruimte voor de Cd-opname. Het zal vast niet bij deze ene Cd blijven, want er zit nog genoeg muzikale toekomst in dit vrouwenkoor!

Sjonge yn Houtigehage 11 september 2008
Op de moaie neisimmerjûn fan 11 septimber l.l. fytsten we of riden we nei de grutte feesttinte yn Houtigehage. De iepening fan it doarpsfeest  mochten wy as koar  tegearre mei in Coutry-line dânsgroep opfleurje. Neidat alle ferienings fan it doarp (en dat wiene der hiel wat!) harren flagge presintearre hiene en neidat al dizze flaggen ophong wiene begûn de feestlike jûn. It song prachtich yn de grutte tinte en de Coutry-line dûnsers diene lykas ús ek harren uterste bêst. Oan de ein fan de jûn noch even mei syn allen in dûns leare: al mei al in moaie , noflike doarpsjûn!

Optreden Eastermar 30 augustus 2008
Al weken van te voren werd er binnen ons koor gesproken over het optreden
bij Easterbarren,dit is het jaarlijks terugkerend festijn in Oostermeer
waarbij veel muziek in alle facetten te horen wordt gebracht.
Iedereen had er zin in omdat het voorgaande jaren ook zo leuk was om daar te
zingen.
De opkomst van de leden was dan ook groot op 30 augustus ,het was stralend
weer,erg veel publiek en we zongen de sterren van de hemel.
Vooral onze liedjes uit de jaren 60-70 zijn een grote trekker,het publiek
staat te swingen en zingen lekker mee.
Al met al een fijne dag en hopenlijk volgend jaar weer een optreden in
Oostermeer.

vriendelijke groeten,
Tinie van den Brink











 
Terug naar de inhoud | Terug naar het hoofdmenu